Kompetysje keatsen omloop 6
Net de iennichste clowns op it fjild
It sil jimme net ûntgien wêze dat it sirkus yn it doarp is, en dat sirkus stjit op it fjild US fjild mei ik hast wol sizze. Se steane net links, se steane net rjochts nee se steane yn it midden en net mei 1 tinte, net mei 2 tinten nee wol mei 3 tinten en noch mear vrachtweinen, caravans, auto’s en bisten. Tusken de ponnys, geiten, bokken, bargen, hinnen en noch folle mear sirkus artysten koene wij noch krekt in plakje fine om in perkje te lizzen.
Omdat wij bang wiene om mei us keatsballen doeken yn hun caravans te slaan ha we er mar in sêfte bal partij fan makke. Wij dat wiene Albert Tilma en Jouke Wiersma tsjin Martin Visser en Jan Watze Wiersma. Nei in fleanende start fan Albert en Jouke wie it samar 3 om 'e 1 foar hun mar doe kamen Martin en JW op stoom en stie it samar wer 3 earsten gelyk. Dat befoel Albert en Jouke net echt en joegen even wat gas bij en doe wie it samar 5 om 'e 3 foar hun, mar der wiene Martin en JW net fan ûnder de yndruk en die hellen bij oant 5 earsten gelyk mar doe wie de koek op en ha Albert en Jouke de partij nei hun ta lutsen mei 5-5 en 6-2. It wie in moaie keatserij mei in protte tuskenspul.
Geplaatst op 18 June 2016